Skip to main content Skip to page footer

Oprop foar bydragen

De Fryske Akademy, it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, it Lektoraat Meartaligens en Taalfeardigens fan de NHL Stenden Hegeskoalle, de ôfdieling Fryske Taal en Kultuer fan de Ryksuniversiteit Grins, en de ôfdieling Taal, Technology en Kultuer fan RuG/Campus Fryslân 

nûgje jo út foar de

tredde
Conference on Frisian Humanities

TIID: 11-14 Novimber 2025
PLAK: Oranjehotel, Ljouwert, Fryslân (Nederlân)

 

CALL FOR PAPERS 

Bridges and Boundaries: Fryslân in a Global Context
(Brêgen en Grinzen: Fryslân yn in mondiale kontekst)

De ûnderbrutsen geografy fan ús regio is in moaie metafoar foar hoe’t ek it akademysk lânskip fan de frisistyk derhinne leit. De Fryske Lannen sjogge der op de kaart út as in stripe fan skiereilannen en eilannen, faninoar skieden troch see-earmen, marren, waadgebieten, feanmoerassen en steatsgrinzen. Tal fan diken, kanalen, haadwegen, spoarlinen en fearrûtes ferbine dat gruttere gehiel mei-inoar, mar dat giet meastentiids fia ombochten. Allyksa funksjonearje de akademyske dissiplines Fryske taalkunde, skiednis en kultuer gauris as losse (skier)eilantsjes. Ynternasjonaal besjoen jildt soks bygelyks ek foar de pedagogyk fan regionale of minderheidstalen yn it ûnderwiis of foar it ûntwikkeljen fan digitale technologyen foar lytsere talen. Mei ús Tredde Conference on Frisian Humanities wolle wy dy ûndersyksfjilden (wer) mei-inoar yn ferbining bringe, de grinzen dêrtusken oerbrêgje.

Ferskate Fryske identiteiten besteane neistinoar, oan de súdlike Noardseekust, – no en yn de foargeande iuwen. Westerlauwers Fryslân, Grinslân, Eastfryslân en Noardfryslân hawwe ommers tagelyk in soad mienskiplik en elk harren histoarysk groeide eigenheid. 

Mear as tûzen jier meartaligens en taalkundich en kultureel kontakt hawwe de hjoeddeiske steat fan de Fryske taalfarianten minstens likefolle beynfloede as harren dielde oarsprong. De talen, skiednis, literatueren en kultueren dy’t wy bestudearje hawwe nammers altyd skaaimerke west troch sawol persepsjes fan autentisiteit, oars-wêzen en perifery as troch kulturele, taalkundige en konseptuele ûntliening en útwikseling.

De Fryske talen binne foarbylden fan regionale en minderheidstalen yn Europa, elk mei har eigen kontekst en har eigen útdagingen. Der binne lykwols ek in soad parallellen. Dêrom biede de Fryske talen ynspirearjende foarbylden fan best practices yn ûnderwiis, digitale technologyen en taalbelied foar sawol lytsere as gruttere minderheidstalen. Fierder kinne oare regionale en minderheidstalen ek tige nijsgjirrich wêze foar de Fryske situaasje. Binnen it rommere ramt fan de Fryske geasteswittenskippen stribje wy dernei om in brêge te wêzen tusken de Nederlânske en Dútske akademyske tradysjes.

De tredde Conference on Frisian Humanities wol graach wittenskippers en studinten byinoar bringe út it hiele multidissiplinêre fjild fan de frisistyk (Frysk, Sealtersk en Noardfrysk) en/of oare minderheidstalen. Wy ûntfange graach foarstellen op it mêd fan (mar net behind ta):

−  Fryske Taalkunde
−  Meartaligens yn in minderheidskontekst 
−  Meartalich ûnderwiis yn in minderheidskontekst
−  Spraak- en taaltechnology foar lytsere talen 
−  Fryske Skiednis (bgl. midsiuwen, ‘de lange 16e iuw’) 
−  Letterkunde fan minderheidstalen, yn it bysûnder fan it Frysk 
−  Films yn minderheidstalen 

Jo kinne foarstellen oangeande orizjineel, noch net publisearre ûndersyk op twa manieren by ús yntsjinje: as yndividuële papers of as posters. De foarstellen moatte gearhingje mei ien (of mear) fan de tema’s út de list hjirboppe. De wittenskiplike kommisje stiet iepen foar foarstellen foar dielsesjes of workshops fan meardere papers (3 of 4). As jo op ús kongres sa’n sesje organisearje wolle, nim dan foar mear ynformaasje kontakt op mei de organisaasje fia info@frisianhumanities.frl.
 

Foarstellen foar yndividuële papers en posters 

Stjoer as abstract in gearfetting (450 wurden ynklusyf bibliografy) fan jo paper of poster yn. By it ynstjoeren freegje wy jo namme, affiliaasje, adres, tillefoannûmer en e-mailadres. It abstract moat genôch details befetsje om de wittenskiplike wearde fan jo foarstel goed beoardielje te kinnen.

De offisjele talen fan it kongres binne (alle farianten fan it) Frysk, Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk. De sesjes oer meartalich ûnderwiis, oer meartaligens yn in minderheidskontekst en oer spraak- en taaltechnology foar minderheidstalen sille folslein Ingelsktalich wêze. As in presintaasje oer data yn in oare taal giet, riede wy jo oan om materiaal yn mear as ien taal te brûken (bgl. yn Power Point-slides of op handouts).

Foar it presintearjen fan papers stiet 30 minuten: 20 minuten foar de sprekker en 10 minuten foar fragen.

Foarstellen foar papers en posters moatte jo hjir ynstjoere (of fia it formulier hjirûnder).
 

Wichtige data

Ynstjoeren fan yndividuële papers of posters, op syn lêst: 16 maart 2025.
Berjocht dat yndividuële papers of posters akseptearre binne: 15 maaie 2025.
  

Beoardieling fan de abstracts

Alle abstracts wurde anonym beoardiele troch de leden fan de wittenskiplike kommisje fan it tredde CFH. Dêrby wurde de bydrage oan it ûndersyksfjild, de ynhâldlike kwaliteit, de tematyske relevânsje en de kwaliteit fan it abstract (opbou, heldere taal) meinommen. Elke auteur mei by ús (a) maksimaal ien paper/poster as earste auteur en (b) maksimaal twa papers/posters mei in oare auteursstatus presintearje.
  

Download

Jo kinne de Call for Papers as pdf dellade yn it Frysk en Ingelsk

 

Ynstjoeringsformulier