Skip to main content Skip to page footer

Peter Gilles. Conference on Frisian Humanities 2025.

Efkes foarstelle: haadsprekker Peter Gilles (CFH2025)

Fan 12 oant en mei 14 novimber 2025 is yn it Oranje Hotel yn Ljouwert de tredde edysje fan de Conference on Frisian Humanities (CFH2025). It oerkoepeljende tema is 'Brêgen en Grinzen - Fryslân yn in mondiale kontekst'. Graach stelle wy ús fjouwer haadsprekkers ien foar ien oan jo foar.

Op freed 14 novimber is prof. dr. Peter Gilles útnûge as haadsprekker fan it kongres. Peter Gilles is heechlearaar taalkunde oan de Fakulteit Letteren en Wijsbegeerte fan de Universiteit fan Lúksemboarch. Syn ûndersyk hat der altyd op rjochte west om ús begryp fan taalfariaasje, fonetyk en digitale spraakferwurking te ferkennen en te ferdjipjen, mei in bysûndere fokus op talen mei net folle boarnen, lykas it Lúksemboarchsk. 

Gilles' karriêre foarmet in brêge tusken tradisjonele taalkundige dissiplines en avansearre benaderingen út de digitale geasteswittenskippen, benammen op it mêd fan automatyske spraakwerkenning (ASR) en fonetyske analyze. Troch ynterdissiplinêre gearwurkingen en ynnovative projekten stribbet er dernei om de Lúksemboarchske taal en kultuer te behâlden en te promoatsjen, wylst er tagelyk mondiale útdagingen op it mêd fan spraaktechnology oanpakt.

Lezing

De titel fan Gilles' lezing is 'The Evolution of Luxembourgish in Its Multilingual Setting’. 


The Evolution of Luxembourgish in Its Multilingual Setting

This talk examines the historical and sociolinguistic development of Luxembourgish within the context of Luxembourg’s unique multilingual landscape. 

Starting from the 19th-century emergence of the nation-state, it traces the formation of a multilingual society shaped by the coexistence of Luxembourgish, French, and German. Particular focus is placed on the Ausbau of Luxembourgish—from a regional Moselle Franconian dialect to a recognized national language—through processes of status elevation, corpus planning, and language ideological shifts. The functional compartmentalization of the three official languages, with Luxembourgish as the dominant spoken code and French and German prevailing in written and institutional contexts, is critically assessed. 

The final part explores current pressures on the multilingual regime, including high rates of migration and cross-border commuting, which pose challenges to the role and transmission of Luxembourgish in a superdiverse society. The case provides broader insights into language standardization, multilingual governance, and identity construction in small states.

Mear oer Gilles en syn lêzing is te finen op Gilles' sprekkerspagina op de kongreswebsite.

Yn it koart

Wat: Conference on Frisian Humanities 
Wêr: Oranje Hotel, Ljouwert/Leeuwarden
Wannear: 12-14 novimber 2025
Organisaasje: Fryske Akademy, Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, it Lektoraat Meartaligens en Geletterdheid fan de NHL Stenden Hegeskoalle, de ôfdieling Frisian Studies fan de Universiteit Grins en de ôfdieling Language, Technology and Culture fan UG/Campus Fryslân.
Folsleine programma: download (pdf)
Gearfettingeboek: download (pdf)
Registraasje: fia de website.