Tredde edysje Conference on Frisian Humanities
De Fryske Akademy, it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, it Lektoraat Meartaligens en Taalfeardigens fan de NHL Stenden Hegeskoalle, de ôfdieling Fryske Taal en Kultuer fan de Ryksuniversiteit Grins, en de ôfdieling Taal, Technology en Kultuer fan RuG/Campus Fryslân nûgje jo út foar de tredde Conference on Frisian Humanities.
Fan 11-14 novimber 2025 binne jo fan herte wolkom y it Oranje Hotel yn Ljouwert om mei te praten oer it tema Bridges and Boundaries: Fryslân in a Global Context (Brêgen en Grinzen: Fryslân yn in mondiale kontekst).
De Call for Papers is hast klear. Oan de website wurdt noch wurke. Mear ynformaasje oer de wichtige datums, tagongsprizen en de registraasje folget ynkoarten.
Graach oant sjen yn Ljouwert fan 11-14 novimber 2025!